Easterein Rocks fiert har lustrum

Sneon 21 maart giet it wer oan! Foar de fiifde kear steanSchermafbeelding 2015-03-09 om 22.14.22e alle popmuzikanten mei Eastereiner roots wer op ien poadium. Oan dizze jubileumedysje dogge mar leafst seisentweintich muzikanten mei. Fiif drummers, twa bassisten, trije blazers, fjouwer gitaristen, trije toetsenisten en njoggen fokalisten. Allegear leden of eks leden fan bands as No Rules, The Zoo, Qlassy, Bad Obsession, Sebeare en Special Treatment.

Nei útstapkes yn de tinte mei it doarpsfeest en yn de iepen loft op Sportpark Skoalleseize is Easterein Rocks werom op it plak wêr it yn 2007 begûn: yn de seal fan kafee Noflik. Sa as altyd wurdt der spiele yn wikseljende gearstallingen mei ferrassend repertoire. Dizze kear ha alle muzikanten in favoryt nûmer ynbrocht die op 21 maart spiele wurde sil. Alle ferskillende streamingen yn de popmuzyk komme oan bod en wy meie ferklappe dat der in pear útdaginkjes by sitte! It hiele winterskoft is der drok rippetearre yn twa studio’s fan ‘De Muziekboerderij’ yn Boalsert.

Nij is dat er by dizze útfiering, Easterein Rocks ‘Back to Basic’ in foarprogramma is. Nei it oerrompele sukses yn ‘De Tsjerne’ fan Easterein Rocks Junior, mei de nije generaasje Eastereiner pophelden debutearre op in grut poadium. De tsien jonge muzikantsjes yn de leeftyd fan alve oant te mei fjirtsjin jier binne de ôfrûne moannen drok dwaande om it repertoire ûnder de knibbels te krijen. Dit alles ûnder lieding fan de bandcoaches, de ‘senior’ Easterein Rocks muzikanten. In primeur dy’t je net misse meie!

De seal fan kafee Noflik giet om 20.30 iepen. Kom op tiid want fol is fol.

Mear ynfo: www.eastereinrocks.nl