Achte Feestgongers!
Op 4 novimber stean wy wer mei Easterein Rocks op de planken yn Noflik. Der dogge mar leafst wer in 27 tal muzikanten oan mei. It tema fan dit jier is Feest.
Oan it begjin fan it jier ha wy as bestjoer in enquete ûnder de muzikanten hâlden, wat foar harren de motivaasje is om mei te dwaan mei ER. Se joechen hjir yn oan, mei elkoar muzyk meitsje, mar ek Easterein in moai feest besoargje. Fandêr dat dit jier it tema Feest is. Fan Hollânske meisjongers, foute medleys oan stevige Rock. We hawwe ynwenners fan Easterein frege wat sy graach heare wolle. Der ha wij leuke reaksjes op hân en die sille jim sjen at jim de 4e novimber fan de partij binne.
Ek Easterein Rocks Junior mei net ûntbrekke. Sy stean yn it foarprogramma en bringe ek in feestrepertoire.
Nei de junior rockers spylje Sarah en Lisa . Sy stiene yn de finale fan Sjong 2017.
Wat ek wol hiel aardich is, is dat der dit jier mar leafst 3x 2 generaasjes op it poadium stean.
Te witten;
- Durk Jorrit vd Eems (bas) mei syn dochter Nynke (toetsen)
- Gerben Kooistra (toetsen) mei syn dochter Hedwich (saksofoan) en syn dochter Mare (sang) docht mei oan Easterein Rocks Junior
- Johannes Dijkstra (trompet) syn soan Jente (toetsen) en syn dochter Marike (gitaar) dogge beide mei oan Easterein Rocks Junior.
Hoe leuk is dat, dat de heiten de muzyk op de bern oerbringe en ek enthûsiast wurde!
At jim dit allegearre mei meitsje wolle moatte jim fansels nei Easterein Rocks 6!!
Wij sjoche jim dêr!!
Bestjoer Easterein Rocks.
Gerben, Amarins, Jan Rinse, René, en Carin.