Easterein dwaande mei eigen enerzjykoöperaasje

enerzjy kooperaasjeEk Easterein is dwaande mei in enerzjykoöperaasje. Op fersyk fan doarpsbelang “Hald Faesje” is in doarpsgroep ( klinkt moaier as in wurkgroep ) dwaande mei de oprjochting fan in enerzjykoöperaasje. De Griene Enerzjy Koöperaasje Easterein ( GEKE ) is in yn- en ferkeapbedriuw  dat  oprjochte wurdt mei as doel de  enerzjygebrûkers duorsume opwekte stroom en co2 kompenseare gas te leveren tsjin oantrekkelijke tariven, en de winsten opnij te ynvestearjen yn duorsume en sosjale projekten yn Easterein.

Hoe sit dat no krekt?

De enerzjy die wij leverje is 100 % grien. In sekerheid foar jo, omdat jo altyd gegarandeard minder foar jo griene enerzjy betelje en de winsten net fuortfloeie nei djoere kantoaren en direkteuren dy’t yn it bûtenlân sitte. Griene enerzjy fan, foar en troch de ynwenners fan Easterein,want yn in koöperaasje binne de leden de eigener. De winsten bliuwe yn eigen doarp.

GEKE ferbynt, ynvesteart, produseart, adviseart, fasiliteart en ynformeart: GEKE jout enerzjy.

Mear witte?

Wolle jo mear witte? Kom nei de jiergearkomste fan Hâld Faesje op 9 april by Noflik Bergsma. Der sil Johan Kiewiet fan de AEC ( Amelander Energie Cooperatie) in presintaasje jaan hoe dat no wurket sa’n enerzjykoöperaasje.

Wurdt klant en eigner fan jou eigen enerzjybedriuw!!!