Alle woansdeis om healwei 11 sitte se der wer klear foar, de blazers út groep 6. En it giet poerbest.
Se kinne al in pear wyskes meielkoar blaze en dat wolle se elkenien fansels graach hearre litte. No dat kin! Want harren earste optreden sil wêze op snein 9 maart om healwie 10 yn de Martinitsjerke te Easterein.
Dêr wurdt dan in spesjale famyljetsjinst hâlden wêr’t dizze entûsjaste blazers oan meiwurkje sille û.l.f. Andries Kramer. Foargonger yn dizze tsjinst is dûmny Riemer Praamsma.
Elk is hjirby fan herte útnoege. Heiten, memmen, pakes, beppes, omkes, tantes en alle oare nijsgjirrigen. Dan pas wurdt it in échte famyljetsjinst.