Earste ljipaai

Op freed 12 april is dan dochs it earste ljipaaike fûn fan fûgelwacht Easterein troch Gep Bakker. Hast 1 moanne letter dan gewoan(de leste 2 jier is it earste aaike fan de fûgelwacht  fûn op 18 maart) hie Gep in 2ke oan de âld dyk flakby de pleats fan Galema. Offisjeel hâld it aaisykje op op 1 april en giet de neisoarch los. De fûgelwacht hat der dochs foar keasen om troch te gean mei de striid om it earste aaike fan de fûgelwacht. It earste aaike fan de gemeente Littenseradiel is yn 2013 net fûn. Wa ek graach it lân yn wol om mei te helpen oan de neisoarch kin kontakt opnimme mei de neisoarchkoordinator fan de fûgelwacht Gerard van AsseltIMG-20130413-WA0001