Earste en léste ljipaai fan Littenseradiel is fûn

Op moandeitemoarn 08.10 is it earste ljipaai fan de gemeente Littenseradiel fûn. It aaike lei efter it tankstation by Hilaard en is fûn troch de 19 jierige Rindert Jansma út Deinum. Dit is ek it léste aaike fan Littenseradiel omdat de gemeente oergiet nei SWFryslân.

De leden fan de fûgelwacht Easterein meie no allinich noch sykje yn rayon Easterein. It frije fjild is yn de gemeenten wér it earste aaike fûn is slúten. De jeugd oant 12 jier mei noch wol it frije  fjild yn om it “sulveren” polske de bemachtigjen.