Dútske learlingen krije keatsles by de KF Easterein

9 Dútske learlingen die hjir op dit stuit út fan hûs binne by learlingen fan  Bogerman Wommels, krije moandeitejûn op it fjild fan KF Easterein in keatsklinik.  De learlingen komme ùt it Dútske Weener flakbij Leer wei en folgje op de Uberschüle it fak Nederlánsk. De learlingen fan Bogerman Wommels dy´t it fak Dútsk yn harren profiel hawwe binne yn novimber 3 dagen yn Dútslân út fan hûs west. De klinik begjint om 19.00 oere