Durkje van der Eems-de Haan erelid fan Wilhelmina

Ofrûne sneon tidens it donateurskonsert fan fanfare Wilhelmina is Durkje van der Eems-de Haan namens it bestjoer en de leden fan Wilhelmina beneamd ta erelid. Durkje van der Eems draait al moai wat jierren mei. Ea begûn as lid op de saxefoan. Se kaam al ridlik gauw  yn it bestjoer en hat ek in skoft foarsitter wést. Letter ek noch in skoft ad interim. Mea as just troch har ynset kin Wilhelmina werwerom sjen op prachtige resultaten. Sa neamde foarsitter Syb Stoffelsma de dielname oan it WMC yn Kerkrade wér Wilhelmina ek yn 2017 hinne giet en de konkoersen yn Helgolân, Rastede, Bad Zwichenalm en tichter by hûs it ONFK yn Drachten. De kroan op it wurk fan it nije erelid wie fansels it 100 jierrich bestean yn 1998. Yn dat jier wa it boek Wilhelmina útbracht ( auteur M. de Boer) en fansels it grutte sukses fan Wilhelmina, de musical “Pogge en blaze” Ek no is Durkje noch tige aktief. Sa stekt se no in soad tiid en energie yn de kreamkeamer fan Wilhemina namentlik de Wilhelmini”s. San 15 jeugdleden dy’t mei in soad nocht en wille ûnder lieding fan Joke Krist klearstoomd wurde foar it grutte fanfare.

Durkje van der Eems-de Haan. Altiid oandacht foar it yndividu. Yn goeie en minne tiden. Krige in steande ovaasje mei in yndrukwekkend applaus.

 

wp_20161105_20_40_27_pro