Drokte op it Skrok

Wat oars in greidefûgelgebied is wér je perfoarst net komme meie omdat je dan de greide- en trekfûgels fersteure, is op dit stuit it plakje wér je hinne moatte om efkes de redens ûnder te bine. Op it Skrok fan natoermonuminten wie it juster in drokte mei minsken dy’t efkes in streekje sette wolle en ek de kommende tiid mei aardich nachtfroast likket it der op dat it dér it feilichste plakje is omdat de fearten noch net fertroud binne.