Dochsto mei oan it projekt fan de 4 dappere mûskes?

Foar in nij projekt wat nei de simmerfakansje begjinne sil, is Sieuwke Rijpma op syk nei 4 dappere mûskes hun freonen en freondintsjes. Wat sille dizze mûskes dwaan?

Sjonge, dûnsje en spylje!

De mûskes sille in stik fan Eppie Dam en Hindrik van der Meer útfiere. Ticht by hûs bin ik geboaren; 4 dappere mûskes. De dûnsen hjirfoar binne makke troch Francisca Jansen en wurde mei de bern ynstudearre troch Sieuwke Rijpma.

 

Opjaan foar 15 augustus

Der sil hjirfoar yn elts gefal oefene wurde yn de moannen septimber, oktober, novimber (en muskesmooglik ek noch desimber).  Op tiisdeitemiddei fan 15.45 oant 16.30 yn Basisskoalle De Foareker te Easterein. Wêr en wannear’t de útfieringen binne hearst dan ek gau.

De kosten hjirfoar binne 20 euro. Dus hasto sin om ien fan dizze 4 mûskes te spyljen en/of om mei te sjongen en te dûnsjen? Jou dy dan gau op by (Graach foar 15 augustus)

Sieuwkerijpmajoustra@hotmail.com of skilje nei 0650863142