Oan alle ynwenners fan Easterein,
Sa’t jimme witte is der fan út doarpsbelang Hald Feasje yn 2014 in enerzjy koöperaasje oprjochte: Griene Enerzjy Koöperaasje Easterein. www.geke-easterein.nl
Wat wolle wij dêrmei?
GEKE hat as doel it befoarderjen fan de leefberens en duorsumens yn Easterein. Mar hoe wurket dat dan? GEKE is ‘wederverkoper’ fan stroom en gas foar de NLD ( www.noordelijklokaalduurzaam.nl). Dit is in enerzjy leveransier dy’t oprjochte is troch alle koöperaasjes mei inoar út Fryslân, Grins en Drinte. NLD keapet stroom en gas regionaal yn en lit de opbringsten fia de koöperaasjes wer werom floeie nei de doarpen.
De priis foar gas en elektrisiteit fan GEKE/NLD binne fergelykber mei oare grutte oanbieders lykas Nuon, Essent of EON. GEKE kriget as ‘wederverkoper’ in fergoeding fan +/-€ 75,– per oansluting per jier. De helte fan dizze fergoeding wolle we brûke om de duorsumens te befoarderjen en de oare helte troch de ferieningen finansjeel te helpen om sa de leefberens te behâlden en te befoarderjen.
Wat is it idee?
Wy wolle yn gearwurking mei de ferieningen fan Easterein sa folle mooglik minsken oerstappe litte nei GEKE/NLD. Foar elke húshâlding dy’t oerstapt kriget de feriening +/- € 37,50 per jier. Dus stappe der 10 leden/húshâldens oer dan ha jimme € 375,– per jier foar de ferieniging fan jimme kar. It oerstappen giet tige maklik, jo kinne je oanmelde op www.noordelijklokaalduurzaam.nl.
Wy tinke dat dit in prachtige manier is om oan ekstra sinten te kommen foar jimme klup. Dus meld jo oan op www.noordelijklokaalduurzaam.nl en jou it troch oan jo favorite klup of feriening en Geke makket elk jier +/- € 37,50 oer nei de feriening fan jo kar. Binne der fragen, as wolle jimme dat ien fan ús lâns komt om dit fierder ta te ljochtsjen, nim dan kontakt op mei ien fan de bestjoersleden.
Mei freonlike groetnis,
Jan-Jetze Brouwer, 41630995
Gerrit Bergsma, 06-22649636
Johannes Dijkstra, 06-53291193
Grietje Bouma-Jukema, 06-23758603
Jehannes Santema, 06-2166947