Doarpsbelang sprekt yn oer plaknamme Easterein

Ut namme fan Doarpsbelang hat Silvia Hania meipraten yn it rûntepetear oer de weryndieling. It punt fan Doarpsbelang gie oer de plaknamme Easterein. plaknammeboerd eastereinAs de weryndieling trochgiet dan komt Easterein by de gemeente Súdwest Fryslân. En dy gemeente hat krektlyn fêststeld dat it harren belied is om dûbeldtalige plaknammen te fieren, wêrby’t op de komboerden (de plaknammeboerden) de Hollânsktalige namme boppeoan stiet. Doarpsbelang hat de gemeente Littenseradiel frege om derfoar te soargjen dat Easterein gewoan Easterein bliuwt, ek op de plaknammeboerden.

Ut in koartrinnend ûndersyk op de website fan Easterein docht bliken dat 71% fan de Eastereiners foar it behâld fan de namme Easterein is. 29% fynt it prima dat Easterein ek wer Oosterend wurde soe, mar wol dan wol de Frysktalige namme boppeoan op it komboerd hawwe te stean. De oare twa opsjes (it kin my net safolle skele  en dûbeldtalich is prima, ek mei de Hollânsktalige ferzje boppeoan) waarden hielendal net keazen.

Lês hjir de bydrage fan doarpsbelang oan it rûntepetear

 

UPDATE 23 maaie, 15.00 oere: We hawwe krekt heard dat Súdwest Fryslân de offisjele namme brûkt sa as dy yn de BAG (Basisadministraasje Gemeenten) stiet. Dat betsjut dat Easterein gewoan Easterein bliuwt, ek as wy nei Súdwest Fryslân geane.