Doarpsapp Easterein no echt yn app stores!

Trije generaasjes út ien húshâlding drukten op de knop en dêrmei lansearren se de iennige echte doarpsapp fan Easterein. Al it nijs en alle aktiviteiten fan alle 22 ferienings en oare organisaasjes handich by elkoar op 1 plak. Easterein yn de bûse dus!

Halbe, Wilco en Halbe Willem Overal wiene de persoanen dy’t op dy knop drukten. Trije generaasjes, en foar alletrije is it in handige app. Fan de tsjerke oant de aktiviteiten fan Bergsma, fan de soos oant en met de Foareker, fan jeu de boules oant en mei SDS: alles sit der yn en stiet moai by elkoar.

De app is ûntwikkele troch Johannes Bergsma fan Bergsma.media en is mei mooglik makke troch it Ondernemersfonds SWF en het Kernenfonds.

 

Link naar dit artikel: https://easterein.nl/doarpsapp-easterein-no-echt-yn-app-stores/.