Yn it oerlis dat doarpsbelang hie mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Littenseradiel yn desimber 2015, kaam ek de djipte fan de farwegen yn en om Easterein wer oan de oarder.
Doarpsbelang is benijd wêr’t de grutste problemen binne as it om te min djipte giet. Fiskers en boatsjeminsken, lit it ús witte. Dan kinne wy tegearre mei de gemeente sjen oft der wat oan dien wurde kin en wat der dan eventueel oan dien wurde kin. Stjoer in mail nei info@easterein.nl. Us tank is grut!
Groetnis,
It bestjoer fan Doarpsbelang Easterein