Dielnimmers socht foar ûndersyk Frysk

Amber Nota, promovenda oan de Rijksuniversiteit Groningen docht yn gearwurking mei University Campus Fryslân (UCF) en INCA3 út Assen ûndersyk nei de sprutsen taal yn Fryslân. Dêrfoar is sy op syk nei dielnimmers.

Se sykje op dit stuit – mar sjoch foar aktuele ynformaasje de website – folwoeksenen tusken 40 en 50 jier âld en 1 jonge tusken de 16 en 25 jier dy’t Frysk as memmetaal hawwe en minimaal HAVO/HOB opliedingsnivo hawwe. De folsleine oprop, mei in aktuele list fan sochte dielnimmers stiet op harren website. Der stiet in lytse fergoeding tsjinoer.