Op 4 maaie betinke we alle burgers en militairen dy’t yn kriichsituaasjes as by fredesoperaasjes oeral op de wrâld, omkommen binne sûnd it útbrekken fan de twadde wrâldkriich. Yn Easterein wurde dan krânsen en blommen lein by 3 Eastereiners. Andries Joustra, Enne Bruinsma en Gerrit Joustra.
De deadenbetinkst begjint om 19.30 oere yn it gebouw “Kunst yn de kerk”. De doar is iepen fanôf 19.15. Sprekker is ds. R. Praamsma
Andries Joustra (skûlnamme Rinke) is yn de rin fan 1941 begûn mei it “illigale” wurk sa as it ferspriden fan de Vrij Nederland. Letter bemuode Andries him mei it lizzen fan kontakten foar in flechtroute nei Ingelân. Yn de hjerst fan 1942 wurke hy mei oan in oerfal op it stédhûs fan Boalsert en koart dérop wa it arbeidsburo yn Boalsert yn de brân stutsen. Fjirder spylle Andries Joustra in rol by de oerfal op it distribusjekantoar te Wommels op 23 oktober en hie hy meiwurke oan in kraak op it Jouster distribusjekantoar. Troch dizze aktiviteiten luts Andries de oandacht fan de besetters en yn it polysjebléd stûn dat elts dy’t Andries Joustra yn de hannen fan de besetters spylje soe, dea as libbent, rekenje koe op in beleaning fan 10.000 gûne (gulden) Hy dook ûnder en kaam by de knokploech fan Haarlem. Letter luts hy wér nei it noarden en kaam hy yn it Drentse Schoonoord telânne wér hy him wér dwaande hâlde mei distribusjesaken. Yn maaie 1944 wa hy arrestearre yn Assen en oerbracht nei it konsentraasjekamp yn Vucht wér hy op 18 augustus 1944 deasketten wa. Yn Easterein is in strjitte nei Andries Joustra ferneamd.
Enne Bruinsma hie tidens de besetting in grút oandiel yn it skoalleferset wérfoar hy foar de gemeente Hennaarderadeel de kontaktpersoan wie. Dat die hy yn gearwurking mei de gemeentesekretaris út Boalsert, Hendrik Haitsma. Bruinsma wie as ouderleerling fan de Herfoarmde gemeente yn Easterein foaral de man fan it geestelijk ferset die it mei de besetters net op in akkoardsje goaide. Op 25 jannewaris 1945 die de Sicherheitsdienst in ynfal yn it hûs fan Bruinsma om syn soan Steffen op te pakken. Steffan Bruinsma wie meiwurker fan de lânlike organisaasje foar help oan ûnderdûkers en wie op dat stuit nét thús. Bruinsma’s anti-nationale-socialistische gezindheid wie algemien bekind en doe de SD ers fan de post Wommels by in huiszoeking ek noch de mouwbannen fan de nationale binnenlandse strijdkrachten fûnen, wa Enne arrstearre en nei it konsentraasjekamp Neuengamme bracht. Oan it ein fan de kriich wa in konsentraasjekamp ûntromme en wa Enne nei Lubeck bracht. Yn de Lubeckerbocht leine de restanten fan de Dútske keapfardy float. Op ien fan die skippen, de Cap d árcona werden 4600 slachtoffers yn it rom opburgen, en as driuwend konsentraasjekamp brûkt. Op 28 april 1945 kaam Bruinsma te ferstjearren.
Gerrit Joustra wie ûnderweis mei Ype en Doet Joustra nei Appelscha om dér ôffalhout op te heljen. Dér wie bijna gjin brânje mear yn Easterein foar de gaarkeuken yn de súvelfabriek. De Joustra’s hiene hjeard fan de ôfbrâne bosken yn Appelskea en it dér oanwéziche ôffalhout koe noch moai as brânje brûkt wurde. Neidat se de boat folladen hiene yn Appelskea op 22 july 1944, kearde se wér húswaarts. Om in oer as 12 gongen Ype en Doet earst iten yn it foarûnder fan de frachtboat “Hoop op zegen” Nei it iten gong Gerrit nei ûnder en gong Ype faren. Nei it middeismiel gong Gerrit efkes lizze foar in middagdutje. Yn de fjirte kamen de Ingelske jagers oan. Yn die tiid werden in protte fabrieken, bedriuwen en boaten besketten troch de Ingelsen omdat se dat as wurken fan de Dútsers beskôge. Op 22 july wie de Hoop op zegen it doelwit en nei in grutte explosie wie it ien grutte gaos op de boat. Ype Joustra wie ferwûnne en dérom rôpe Doet om help fan Gerrit. Die rôpe werwerom dat hy net helpe koe omdat hy sels ek swier ferwûne wie. Dat wiene ek syn léste wurden.