Op 24 novimber wie it safier: de útrikking fan de STAF toanielpriis fan 2012. STAF is it oerkoepeljend toanielorgaan foar it Fryske amateurtoaniel yn Fryslân en telt 145 oansletten selskippen. De Staftoanielpriis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt oan selskippen dy sjen litten hawwe dat sy fan mear as gewoane betsjutting binne foar it toaniel yn al syn foarmen. De selskippen wurde beoardiele troch in sjuery besteande út trije minsken. Dit jier wienen dat Johanneke Liemburg, Tjerk Kooistra (regisseur en teatermakker) en Eelco Venema (akteur Tryater).
‘Fuort mar los’ wie mei in grutte delegaasje oanwêzich op de feestlike jûn yn De Skâns op De Gordyk. Wy koene genietsje fan it optreden fan kabaretier Theun Plantinga, mar eins tochten wy mar oan ien ding: soenen wy yn’e prizen falle as net?
Sjoch ek: jongereinploech opsette
En dan wie it safier. De earste priis, in jildpriis fan €1000,- , wie foar ‘Op nij feriene’ fan Bantegea. De sjuery wie fan miening dat dit selskip harren spilers útdaget ta nije dingen. De twadde priis, in priis fan € 250,-, wie foar ‘Fuort mar los’. Yn it sju
eryrapport stiet û.o. dat de sjuery ûnder de yndruk is fan de opteinens fan ‘Fuort mar los’ en dat dit selskip it Frysk toaniel yn Easterein op útdaagjende en útnoegjende wize oan it fuotljocht bringt. De sjuery hopet dat wy sa trochgean.
Wy binne tige bliid mei dizze oanmoediging en wy geane net allinnich troch, mar ek fierder. Yn 2013 wolle wy besjen at wy yn Easterein in jongereinploech opsette kinne.