Op moandei 27 maaie nimt de gemeenterie in beslút at se jild frymeitsje foar de ûtwreiding fan de sportfjilden en de renofaasje fan de klaaiboxen. Marie Eringa hat ôfrûne moandei de plannen fan de Skoalleseize taljochte yn it rûntepetear op it gemeentehús. Al langere tiid wurde de 2 fjilden en it trainingsfjild tefolle belesten troch de noch hieltyd groeiende fuotbalklup SDS en de ambisjeuse keatsferiening KF Easterein. Grutte winsk fan de fuotbalklup is in keunstfjild op it plak fan it haadfjild, omdat der op dit stuit tefolle ôflastingen binne fanwege de minne tastân fan de fjilden yn de wintermoannen. It tredde fjild moat op it plak fan it trainingsfjild efter de sporthal komme.
Dêrneist hat doarpsbelang Easterein ek meidien oan it rûntepetear. De oanpak fan de Sibadawei stiet al langere tiid op it winskelistje fan de gemeente. En dat betsjut dat it oandacht hat, mar dat it net yn de begrutting opnommen wurdt, en dus ek (noch) net oan útfiering ta komt. De Sibadawei stiet al mear as fiif jier op it winskelistje en doarpsbelang hat de rie oandacht frege om it ta útfiering te bringen.
It rûntepetear fan de gemeenteried kin weromsjoen en lústere wurde fia <klik hjir foar link> (en dan klikke op it lytse kameraatsje boppeoan de wurklist).