De Jeneverpôlle yn oare hannen ….

– ynstjoerd troch Klaas Kooistra –

Elk dy’t  yn ‘e omkriten fan Easterein,  Reahûs, Rien en Itens wennet, hat faaks wolris fan de Jeneverpôlle heard.  It is in eilântsje oan de Frentsjerter feart, sawat like fier fan elk fan de niisneamde doarpen. Dat hâld ek yn dat út dy doarpen minsken mei in boat(sje) wolris dy kant út fearn hat. It is ommers krekt sa’n plakje om even hinne en der kin ek noch swommen wurde.

As it sa te praat komt , ha in soad minsken der wolris oanlein, kampeart as in fjûrke stookt. Soms komme der ferhalen foar yn doarp- of skoalle krantsjes oer avontoeren op dizze pôlle. It soe ek noch wolris sa wêze kinne dat guon fan ‘e ynwenners der har oarsprong hawwe.

Omdat der gjin buordsjes steane liket it in bytsje in frij stikje grûn te wêzen, mar neat is minder wier. Eartiids is it oerbleaun as stikje grûn fan in grutter stik lân dat trochgroeven waard by it graven fan de Frentsjerterfeart. Sokke stikjes waarden faak brûkt troch lytse boeren, yn ‘e folksmûle  “komelkers “ neamd. De Jeneverpôlle is lang brûkt troch komelkers dy’t op de mienskip “de Pôlle” wennen, der net safier ôf, dat falt ûnder it doarp Easterein. Sa wie de Jeneverpôlle oant de tachtiger jierren eigendom fan Yme Zijlstra, dy ek op dizze Pôlle wenne.

jeneverpoleNije eigner

De lêste tritich jier wie Klaas Kooistra fan Easterein eigener. Hy ûnderhold him ek, mar moast erfare dat oare minsken der dêrtroch mear gebrûk fan makken. Hy ferhúze en de ôfrûne  7 jier waard de Jeneverpolle meast brûkt troch “It Kleine Paradijs” as oanfulling op de der organisearre aktiviteiten. Sûnt oktober fan dit jier  is Jehannes Huitema fan Easterein eigener. Hy is leafhawwer fan fiskjen en de natoer en sil grif gauris op dit stikje natoer te finen wêze.

Efkes freegje

As oare minsken der gebrûk fan meitsje wolle soe it netsjes wêze om him earst even te freegjen. Soks is dochs net mear as fatsoenlik net ? Derom is it goed te witten dat wannear immen op dizze Jeneverpôlle sit, jo op in oar syn grûn sitte en net samar in brantsje stoke kinne as beammen ferniele….. Om it moai te hâlden moat wy it moai bliuwe litte, ek al hat de polle syn namme foarfêst te tankjen oan it gebrûk fan jenever troch de terpgrûn skippers dy’t hjir eartiids gauris oanleinen en de flessen lizze lieten…..

 

Klaas Kooistra