De famkes fan de Foareker hawwe foar de 2de kear it skoallekeatsen foar legere skoallen yn Fryslân wûn! Op it terrein fan LKC Sonneborg yn Ljouwert moasten se yn de earste omloop tsjin Anjum. Dit wûnen se mei 5-2 en 6-6. Yn de twadde omloop kamen se Witmarsum tsjin. Op 5-1 en 6-4 de winst en op nei de heale finale. Hjir kamen se Dronrijp tsjin en ek dizze bern koene op 5-1 en 6-0 nei hûs. Yn de finale keatsten se tsjin Wietske de Jager, Anne Baukje Altenburg en Trudy Hoekstra fan buurdoarp Reahûs. Dizze famkes koene de Eastereinder famkes net ynhelje en op 5-3 en 6-2 pakte de Foareker de winst. Lokwinske oan Nynke Paauw, Roelie en Corrie Kroondijk
Se sille jûn griff wer as rinnend nummer yn de optocht rinne