Alle 3 parturen fan de Foareker Easterein binne freed yn de krânsen komen by it skoalkeatsen yn Winsum. By de jonges A-klas spyle Redmer Wiersma, Jelmer Brouwer en Redmer Stegenga yn in poule. Ek de famkes mei Lysette Sybesma, Judith van der Weerdt en Marije Zijlstra spyle yn in poultsje. Se wisten net alles te winnen mar wisten dochs op it 1e plak te kommen mei de meast oantal earsten. De jonges B- klas mei Tijmen de Groot, Niels Hiemstra en Arjen Stremler spyle in gewoane list. Hjirmei wie de Foareker net allinich oppermachtig mei it skoalfuotbal mar no ek mei it skoalkeatsen.