Op sneon 20 april komt de grutte giele Jumbo truck nei Wommels. Tusken 12.00 – 12.45 kin elts der ek mei op de foto. Mei dizze truck hat de direkteur fan Jumbo supermarkt Frits van Eert de Dakar rally meiriden.Mei in top 10 klassering yn de 13de etappe en in 15de plak yn it einklassemint in poerbeste prestaasje yn dizze leadswiere rally.