Covos Dames 1 kampioen

It is de dames 1 fan Covos sneontejun lukt om it kampioenskip yn de promoasjeklasse C binnen te heljen.  Yn in gesellich drokke sporthal wûnnen de dames de wedstriid tsjin de Swette Switters mei 4-0. Allinich Leevoc, de nûmmer 2,  koe noch roet yn it iten goaie at se mear as 3 punten helje soene. In special reporter wie nei Ljouwert ofreizge om te sjen hoe it dér gong. Doe dy nei de sporthal skille en befestige dat Leevoc it net mear heljoe koe, barste it feest los. Jûns ek noch efkes troch de buorren efterop de frachtwein fan Sandstra.

 

tegels