Op snein 5 maaie waard troch 12 ploegen jonge Fryske follybalsters striden om in plak op it NK yn Eindhoven. De froulju fan COVOS CMV nivo 6 (Easterein en omkriten) hawwe nei in spannende finale tsjin VC058 it ticket nei dat NK binnen helle. En dat betsjut dat se de bêste ploech fan Fryslân binne. Op 2 juny geane se de strijd oan mei 7 oare teams út Nederlân.