Byfuorje fûgels

No at  kening winter syn plakje wer ynnommen hat yn Easterein wolle we jim dochs graach efkes wat tips jaan oer de winterfoeding foar de tún- en wetterfûgels. De túnfûgels meie ridlik gauw byfuorre wurde omdat se in protte enerzjy brûke om op temperatuur te bliuwen. Jo kinne dit op de maklike manier dwaan troch siedsjes en fetbollen op te hingjen op in plakje wer de kat net gauw bykin. Goai wat foer (granen) op de foedertafel mar ek in bytsje op de grûn foar de mosken. Gjin margarine as bûter jaan. Dit is foar de túnfûgels loslivich fretten.

De wetterfûgels kinne harren yn de winter lang goed rêde. Fuorje net te folle bôle want der sit in soad sâlt yn en dat is net goed foar de fûgels. At jo wol wat fuorje wolle dan kin dat it bêste in graanmengsel wêze. De fûgelwacht fan Easterein fuorret ek by at it nedich is. Sy kinne fia it fûgelfersoarginsfûns fergees fretten krije. Dit fuorje sil nei ûngefear 2 wiken pas plakfinne omdat it net earder hoecht. De fûgels hawwe genoch fet om it frij lang fol te hâlde.