Wat in prachtige opjefte foar it singel darttoernoai ôfrûne sneon yn de Tsjerne. 11 jeugdleden oant en mei 16 jier en 32 senioaren gongen meielkoar de striid oan. Fanof 13.00 de jeugd en dér koene je de striid fiele. Wat wa dér foeleinich striden. Dér wiene 3 prizen. Silvan de Schiffart hie de 3de priis, Niels Hiemstra de twadde en winner by de jeugd wie Jelmer Brouwer.
De senioren sette om goed 17.00 út ein. Ek hjir moaie partijen en dér wa ek noch wolris in 180 goait. Jeroen Houweling, Lieuwe Mulder, Peter Stuiver, Danny Roos en Gert jan Hiemstra wisten alle trije pylken yn de 60 te goaien. De heechste dei-finish wie foar Kees van der Horst. Hy goaide 126 út mei 19, t19 en bull. De prizen gongen nei: 3de priis Siep van Dijk en Danny Roos, in 2de priis foar Lieuwe Mulder en de winner fan it singel darttoernoai wie Gert jan Hiemstra.
Ek wa der noch efkes koppele. Hjir wie by de ferliezers in 2de priis foar Kees van der Horst en Wytse Hofstee en in 1ste ferliezers foar Simon Kingma en Auke Jellema. By de winners wie de 2de priis foar Bote Jellema en Marten Reen en de 1ste priis foar Stefan van der Weg en Danny Roos.
De priiswinners by de jeugd.