Fan ‘e wike brochten twa Piten in brief fan Sinteklaas by de pjutten en de bern fan groep 1 oant en mei 4.
– ynstjoerd troch Sinteklaas –
Beste jonges en famkes,
It is hast wer safier, Sinterklaas is ûnderweis nei Easterein !
Mar hy hat in probleem……de pipernúten-bak-masine is stikken en we witte net as de technyk-pyt de masine wol op tiid klear meitsje kin. In Sinterklaas feest sûnder pipernúten kin toch net?
Wolle jimme ús helpe ??
Freegje heit, mem, pake as beppe (makket net út) om mei dy wat hearlike pipernúten te bakken.
Doch in bytsje fan die sels bakte pipernúten yn in pûdsje mei in bryfke wer dyn namme en groep op stiet, en nim se 21 novimber mei nei it kafé. Dan binne wy nijskjirrich as dyn pipernúten ek sa lekker binne as die fan ús pipernúten-bak-pyt!
Dochst mei??
Oant 21 Novimber!
Groetnis Sinterklaas en syn pyten