Brêge Foarbuorren – Tsjerkebuorren wurdt fernijd – UPDATE

UPDATE 29 novimber: we kinne wer gewoan oer de brêge rinne en fytse!

—-

De brêge tusken de Foarbuorren en de Tsjerkebuorren wie net al te bêst mear en wurdt op dit stuit fernijd. Dat betsjut dat der gjin trochgong is. Fytsers en kuierders moatte dus efkes omfytse of omrinne. De wurksumheden duorje ûngefear oant en mei 4 desimber.