Bogerman Wommels yn 2018 ticht

Nei 98 jier ferdwynt yn july 2018 it middelbaar ûnderwiis út Wommels. It oantal learlingen rûn te hurd werom om de skoalle, mei op dit stuit noch 107 learlingen, iepen te hâlden. De “mentale verstedelijking”, mobiliteit fan de learlingen en de krimp yn dizze regio binne dochs de wichtichste oarsaken dat yn Fryslân de earste skoalle foar middelbaar ûnderwiis,  de doarren slúte moat. De skoalle krige koartlyn noch in goed oardiel fan de ûnderwiisynspeksje en hearde by de 25% béste skoallen fan Nederlân.