Bogerman Wommels skoart 100%

It wietongersdei in tige moaie dei mei gebak yn de personielskeamer. Doe’t moarns de normearing binnenkaam en de sifers berekkene wiene die bliken dat alle learlingen fan Bogerman Wommels yn 1 x slagge wiene. In 100 % skoare. Dit moast fansels noch wol efkes stil hâlden wurde want om 16.00 waarden de learlingen pas op de hichte bracht mei de útslach fan harren examen. In prachtige dei foar Bogerman Wommels en fansels ek foar de 4 examenlearlingen út Easterein, Sanne Visser, Jeska Terpstra, Hannah Sijbesma en Berber Brouwer.