Yn 1977 is der in boekje útbrocht mei deryn allegearre âlde foto’s fan Easterein. Mei tank oan Drukkerij Van der Eems hawwe wy noch in oantal boekjes bemachtigje kinnen. Hawwe jo ynteresse yn it boekje? Jo kinne it keapje op ‘e frijmerk op Keninginnedei. Jo meie ek lâns komme op Foarbuorren 5 (Tineke Meijer). It boekje mei foto’s fan Easterein kostet € 4,95.
De opbringst giet nei it multyfunksjoneel terrein Stittenserleane. We hawwe noch in finansjeel gat, dus alle ynkomsten binne wolkom. Letter heare jim mear oer de aksjes dy ’t wy tegearre mei de belutsen ferienings op tou sette sille.