Boekemerk yn Martinitsjerke fan Easterein

boeken

Freed 27 Novimber en sneon 28 Novimber organisearret de ZWO-groep fan de Diacony fan de Protestante gemeente Easterein in boekemerk yn it ramt fan it winterwurkprogramma fan dizze gemeente. Leafhawwers fan lêzen en fan boeken yn syn taastbere foarm binne fan herte wolkom yn de Martinitsjerke fan Easterein. Jo kinne it jo oan tiid dwaan, it is der waarm, gesellich en der is kofje mei cake te krijen. De opbringst is ornearre foar in goed doel útsocht troch de ZWO-groep. Sjoch yn de aginda fan Easterein.nl foar de tiden.

Jo kinne ek noch boeken ynleverje foar dizze merk bij T. Vink (333134) of F. Visser (332269)