Sûnt freed 20 novimber is de bibleteek yn Wommels wer gewoan iepen. Dus op moandei en freed fan 14.00 – 18.00 oere en op woansdei fan 10.00 – 18.00 oere. Ek it Taalhuis sil woansdei wer los.
Om mei ús allen sûn te bliuwen, jilde de neikommende regels:
- fan de doar ôf hast in mûlekapke op
- nimst in kuorke mei nei boppe (as der gjin kuorkes mear binne, wachtest ûnder)
- desynfektearje dyn hannen boppe oan de trep
- kom safolle mooglik allinnich
Ek is der yn de hal in lytse ferkeap fan ôfskreaune boeken. Betelje fia pin.
De meiwurkers fan de bibleteek binne bliid dat se der wer foar jim wêze meie.