Berjocht fan de fotokommisje Oranje & Heitelân 75 jier

Beste minsken!

Foar it 75 jierrich jubileum fan Oranje en Heitelân binne wy op syk nei foto’s en filmkes fan de feesten. It is de bedoeling dat we tiidens de kommende feesten fan alles sjen litte kinne oer de ôfruone 75 jier. Mar dat kin fansels net sûnder jimme hulp!fotokommisje

Wy kinne it ús betinke dat jimme súnich binne op de foto’s as filmkes dy’t jimme ha, derom binne der ferskate mogelikheden omtrent it ynleverjen fan it materiaal.

Lês fierder

(Link nei Word-dokumint mei de ynformaasje)

Digitaal : It leaust ha wy alles digitaal oanlevere foarsjoen fan it jiertal wennear de ôfbielding  plak fuon hat. Dit kin oanlevere wurde op cd as usb stik, mar it mei ek rjochtstreeks nei oranjeenheitelan@gmail.com stjoerd wurde (mits it om in pear foto’s giet).

Scanne: Wannear’t jimme de foto’s sels net scanne kinne, wol Klaas Kamstra dit graag dwaan, sadat jo sels de originele foto’s fuort werom krye kinne.

tip: de resolutie fan de foto’s moat net te leech wêze oars wurdt de ôfdruk net skerp. As je in foto scanne set dan de resolutie op 300 dpi. Bestandstype JPEG (.jpg)

Filmkes : Filmkes kinne ek by Klaas Kamstra ynlevere wurde, hy set se fuort oer op dvd as wat dan ek, en ek dan krye jo fuort it originele materiaal werom.

Set derom wol oeral jimme namme by, ek wy wolle alles wer goed werom jaan!

Dus haw je noch leuke foto’s fan de doarpsfeesten nim op wat foar manier dan ek kontakt mei ús op!

We ha in protte leuke ideeën en hoopje dat mei de feesten sjen te litte kinne.

Foar fragen kinne jimme altiid ien fan de ûndersteande minsken oansjitte.

 

Groetnis fan de Fotokommisje O&H 75 jier:

Yvonne van Beem       Koaifinne 14                tel; 331492

Elisabeth Breeuwsma  Foarbuorren 4    tel; 331832

Klaas Kamstra             Foarbuorren 21  tel; 332670

Halbe Overal               De Streek 22       tel; 332011