– fan de website fan de gemeente Littenseradiel –
Op 5 maaie ride der rom 250 legerfoertugen troch ús provinsje, ferdield oer fjouwer rûtes. De befrijingsritten West komt troch Easterein. As it mooglik is, ride inkele Kandeeske Feteranen mei op de foertugen. Jo binne fan herte útnoege om de kolonne, dy’t stapfoets rydt, besjen te kommen en de feteranen te ferwolkomjen.
De kolonne West fertrekt om 8.00 oere fanôf de fleanbasis yn Ljouwert en rydt by Jellum ús gemeente yn en slacht dêr of nei Hilaard. Fan dêr giet it lâns Húns rjochting Winsum, wêr de kolonne troch it doarp ride sil rjochting Spannum. Dêrnei giet de rit nei Wommels en Easterein om by De Kliuw de gemeente wer út te riden, Rjochting Hartwert, Burgwert en Hichtum. Rûn 9.45 oere komt de kolonne yn Boalsert oan, wêr’t se stopje sille, foar’t se fierder gean rjochting Iselmarkust. Yn Harns stoppet de kolonne foar de twadde kear, rûn 13.10 oere. Dêrnei komme se lâns Frjentsjer op de weromreis nei Ljouwert.
Mear ynformaasje: http://www.littenseradiel.nl/frysk/nijs-en-parseberjochten_3115/item/befrijingsritten-troch-de-gemeente-op-5-maaie_46337.html