Bauke de Boer sil oan de slach yn Afrika

Yn oktober sil Bauke nei Tanzania wer hy meiwurkje sil oan it klearmeitsje fan in hûshâld-/ambachtsskoalle foar goed 600 (wees)bern. In grut projekt wat al in 2007 begûn is en (as it goed is) yn oktober 2014 oplevere wurdt. De skoalle stiet yn it gebied Umbwe en leit yn it Kibosho distrikt op de flanken fan de Kilimanjaro.

skoalle bauke

 

Hoe kaam dit op dyn paad?
Ik rin hjir al jierren mei om en haw no einliks trochpakt. Afrika sprekt my op ien of oare manier wol oan, mear dan India as Ruslân wer fansels ek wol moaie projekten binne.
It útsykjen fan in geskikt projekt foel noch net ta mar mei help fan u.o. Mulder fan it Skilplein bin ik by de stichting KET komme en sa is de bal begûn te rôljen.
Ik haw mei oanmeldt foar it projekt Tanzania-KVTC om mei in groep fan 25 frijwilligers te helpen by it bouwen fan in grut skoallekompleks. Trije kear yn it jier giet der san groep minsken hinne. Se binne no noch dwaande mei de fertrekken fan de leararen. Wat ik krekt dwaan moat is net bekend mar dat sjoch ik der wol.

Wurdt de lokale befolking ek belútsen by dit projekt?
“Dat is my net bekend”, antwurdet Bauke. Ik freegje dit omdat de kans fan slagje grutter is as de befolking der ûnderdiel wurdt fan it proses. Bauke neamt dernei ek noch it foarbield fan in skoalle yn Gambia die wer ôfbrutsen is omdat de befolking der sei dat it net troch hun bout wie… Of der is in skoalle delsetten troch frijwilligers út Nederlân mar der binne gjin learkreften as skoallemateriaal…. De bedoeling fan ús westerlingen is dan goed mar dan smyt it úteinlik neat op.
Yn novimber 2014 kinne we hearre hoe as it west hat yn Tanzania en ik hoop fan harte dat dit projekt slagje sil.

Hoe sit it mei it jild? Sykest ek noch sponsors?
Om de reis en it ferbliuw te bekostigjen en it project te understeunen sil Bauke binnenkoart de stipe freegje fan de Eastereiners. Troch it ferkeapje fan “bakstiennen” kinne minsken in “steentje bijdrage”. Bauke fult noch oan dat it net syn bedoeling is dat minsken syn hiele reis betelje want hy wol der sels hinne mar alle bytsjes helpe.

Oanfullende ynfo oer KET:

KET in Tanzania is een stichting die als doelstelling heeft wees-kinderen te ondersteunen bij het volgen van onderwijs en het betalen van schoolgeld. In Nederland bestaat sinds 2007 een stichting die Kibo Education Trust in Tanzania ondersteund. De werkzaamheden waarmee ze bezig zijn het bouwen van een huishoud-/ambacht-kostschool. De doelstelling is dat de leerlingen, waaronder veel weeskinderen, de mogelijkheid krijgen om hun eigen bestaan te voorzien doordat zij een opleiding volgen aan deze school.

foar mear nijsgjirriche ynformaasje kinne je sjen op de folgende website:

Stichting KET – Kibo Education Trust