Anne en Triensje sprekke by 60 +oer kamping de Finne

Tiisdei 7 maart komme Anne en Triensje fan kamping de Finne fan Reahûs fertelle oer harren deistige aktiviteiten op harren kamping. Anne Engelsma is âld Eastereiner en is in pear jier ferlyn mei Triensje in kamping begûn oan de sânleansterdyk. Dizze kamping hat no 50 steanplakken en Anne en Triensje hawwe by de gemeente oanfrege om mear steanplakken. De middei begjint om 14.30 oere