De âldjiersploech fan Easterein is bij elts wol bekind om de prachtige fjoerwurkshow tidens âldjiersnacht en de stunt op de brége op âldjiersdei. Dat dizze mannen fan in feesje hâlde is ek wol bekend en dérom wolle se yn gearwurking mei de Tsjerne in Oktoberfest organisearje op sneon 24 septimber fanôf 20.00 oere yn de Tsjerne. Under it motto “net stinne en oer de tafels rinne” moat it fansels folle bak wurde yn de Tsjerne.