Op nijiersmoarn om 01.00 is der wer in fjoerwurkspektakel, organisearre troch de âldjiersploech Easterein. Troch stipe fan ferskate bedriuwen fan Easterein en fansels de stipe dy’t de minsken jouwe op de brêge ûnder de show kinne se yn harren jubileumjier foar ûngefear € 1600,00 de loft ynsjitte. It belooft in bysûndere show te wurden want se hawwe de han witte te lizzen op in spesjaal doaske.