En dan is it sa mar wer 8 jannewaris. Wat giet de tiid dochs hurd. Al wer in wike lyn dat wy as âldjiersploech in prachtige fjoerwurkshow op de brège hiene, al wie it waar wol wat sùterich. Nammens de âldjiersploech Easterein tige tank foar de finansjele stipe dy’t eltsenien jûn hat. Sawol op de brège tidens de show as de bedriuwen fan Easterein hawwe flink jûn en dat jout ùs wer de moglikheid en energie om troch te gean mei dizze show. Ek Loekie is werwerom by syn baaske. Dizze oranje leeuw wie ûntfynmanje by in boerke tùsken Hearrefean en Drachten. Tiisdeitejûn werwerom bracht en de eigner hat fansels fan ùs in slokje krigen foar de oerlèst.
As âldjiersploech sille we krekt as in ferskaat oan ferienigings op syk moatte nei nije bestjoersleden. Feike Jorritsma hie yn oktober al oanjûn net fjirder te gean mei de âldjiersploech en hat nei 10 jier bestjoerlik ôfskied fan ûs nommen. Ek Robert Hoekstra en Hans Kooistra hingje de âldjiersploechmûtse yn de wilgen. Dizze mannen fan it earste oere nimme nei 17 jier ôfskied. We hawwe lokkich al ien persoan ree fûn yn de persoan fan Jan Joost Dijkstra en hawwe no nog san 11 maand om nije minsken te finne foardat de gaderingen wer ynpland wurde. Wy gean no wer yn de wintersliep en graach oant desimber.
Dirk Yde, Marten, Hans, Robert, Jan joost, Gerard, Johannes, Jan Simon, Bauke