De kontainers steane eltse 2de sneon fan de moanne fan tongersdeitemoarn 9.00 oere oant sneontemoarns 12.00 oere op it yndustryterrein (ter hichte fan Ynstallaasjebedriuw De Jong).
Yn ferbân mei de koronamaatrigels kinne wy net mei in groep minsken en trekker & wein it âld papier ophelje. Derom wolle wy jim freegje de kommende tiid sels it âld papier yn de konteners te bringen. De doarren fan de konteners kinne iepen (graach ek wer ticht dwaan). Jim kinne sels it papier der yn sette. Graach de foarste kontainer earst hielendal fulle! As der mear minsken tagelyk binne, hâldt dan wol 1,5 meter ôfstân!
It soe fijn wêze as elts miskien ek in pear doazen fan bygelyks de buorlju dy’t wat ‘minder ter been’ binne meinimme wol. Sa helpe wy elkoar troch de tiid! Om te soargjen dat alles past, is it fersyk om de doazen sa goed as mooglik te steapeljen.
Alfêst tige tank foar jim help!