Yn ferbân mei it koronafirus en de maatregels fan it Ryk wurdt der op sneon 11 april gjin âld papier ophelle.
Om de foarried by jimme thús net oprinne te litten, freegje wy jim it âld papier by de konteners te bringen. Dizze stean op it yndustryterrein op hichte fan Ynstallaasjebedriuw De Jong.
It papier kin fanôf tongersdei 9 april (fan ôf 9.00 oere) o/m sneon 11 april (oan ’t 12.00 oere) brocht wurde.
De doarren fan de konteners kinne iepen (graach ek wer ticht dwaan). Jo kinne sels it papier der yn sette. As der mear minsken tagelyk binne, hâldt dan wol 1,5 meter ôfstân!
Om te soargjen dat alles past, is it fersyk om de doazen sa goed as mooglik te steapeljen. Alfêst tige tank foar jo help.