(Ald) Eastereiner aktief by NPO Radio 2

Elke sneon- en sneintemoarn fan 07.00-10.00 oere is Evert Duipmans aktief op NPO 2 mei syn radioprogramma ‘Vroeg pieken’ Hy hat de oeren oernaam fan de bekinde DJ Jeroen van Inkel. Van Inkel sit no nei Evert fan 10-12. Evert hat al sûnt 2020 in programma op NPO 2 mar dat wie moandeitemoarn fan 04.00-06.00. Evert hie al langer wat mei muziek. Op jonge leeftiid spile hy al piano en hy hat in skoft DJ wést yn de Tsjerne. Letter kaam hy by de lokale omrop Snits. Fansels allegear efkes harkje op sneon en sneintemoarn.