Kommende sneontejûn 19 novimber in oare bandjûn as oars. Dit kear stiet de bandjûn yn it teken fan de café Bergsmareunie. De musikale begelieding fan dizze jûn komt fan de ABBA tributeband. Wa kin dizze muziek fan de band út Sweden net. Liedsjes as SOS, Waterloo, Thank you fore the music en in hiele protte oare tophits sille in soad emoosje losbringe. De seal giet iepen om 22.00 krekt as eartiids. De foarferkeap is al los en de kaartsjes kosje yn de foarferkeap 11 gûne. uuuuuh € 5,00