Kommende snein 12 febrewaris om 15.00 oere wurd foar de 10e kear Aaipop der op út organisearre troch stichting Aaipop yn gearwurking mei Friesland Pop. Doel fan dizze gearwurking is om nije as begjinnende Fryske bands en artysten in poadium te jaan en te stimulearjen yn harren ûntwikkeling, motivaasje en ynspiraasje. Om de Fryske muziek wat tichter by de minsken te bringen wurd Aaipop der op út elke kear op in oar plak organisearre. Dit kear hat de organisaasje keazen foar Noflik Easterein. De winner fan Aaipop der op út iepent op Peaskemoandei it grutste Fryske festifal fan de wrâld. Aaipop.
Meer info, sjoch op www.aaipop.nl