A.HAK sealkeatswedstriid

Trochgeans is keatsen in simmersport. Se begjinne yn maart te trainen, yn maaie begjint de kompetysje en de wedstriden en heal septimber wurd de want yn de meterkast as kleankast goait om him der yn maart wer út te helje. Easterein is oars. In groepke fanatyke manlju binne elke tongersdei noch dwaande mei it “Jeu de peloten” op it MFT terrein by de sporthal. Lekker waarm oanklaaie, de want(en) oan en keatse. Kommende snein 13 desimber hoege se de waarme klean net oan te dwaan. Dan is de A.Hak sealkeatswedstriid yn de sporthal. De kachel stiet dér wol oan. De wedstriid begjint om 13.00 oere. Opjaan kin oant freedtejûn 19.00 oere.