Kryst, in tiid fan jaan en krijen, fan leafde en freonskip, fan lekker iten en fleurige muzyk. Wa hâldt der net fan? Mei it stik Scrooge: A Christmas Carol foglje wy in bromstige kryst-haatsjende man, syn namme is Ebenezer Scrooge. It iennichste dat foar him telt, is jild. Krystnacht kriget hy besite fan trije geasten. Sy litte him sjen dat der safolle mear spilet yn de wrâld as rykdom.
Sil Scrooge mei Kryst wer achter syn buro sinten telle? Of sjocht hy yn dat Kryst om sa folle mear draait?
Kom yn de pyjama
Doch de leukste pyjama oan, kom smûk sitten yn de Martinitsjerke fan Easterein en genietsje fan in hertferwaarmjende foarstelling. De foarstelling duorret sa’n 45 minuten.
Try-out:
13 desimber, 19.30 oere
Foarstellingen:
14 desimber 19.30 oere
24 desimber 20.30 oere
It stik wurdt begelieden troch de Eastereiner muzykgroep Forte Frisone. In muzikaal feest dat je echt net misse kinne. We hoopje jimme te sjen op 13, 14 of 24 desimber yn de Martinitsjerke fan Easterein.