Programma doarpsfeesten 2025

Bêste Eastereinders,

Us prachtige doarpsfeest sit der alwer oan te kommen. De tariedingen binne al wiken yn folle gong. We ha wer de nediche fernijingen foar jim yn petto. Mei in farieard programma besykje we alle leden en (âld) ynwenners fan Easterein wat oan te bieden. It parkearterrein en it lytse sportfjildsje wurdt ein juny it sintrum fan’e buorren. We gean derfoar en ha der ferskriklik sin oan!

Ferline jier foar it earst in nije terreinynrjochting. It foldie eltsenien poerbêst. Foar ús oanlieding om hjirop fierder te gean. Njonken de iterij komt in sithoek mei picknicktafels. Foar de jongste bern pleatse we in lytse tinte, dizze wurdt ynrjochte as berneboartersplak (mei tank oan ‘de Moekes’). Foar de pubers meitsje we in chillhoekje mei noflike banken. Fansels fynt dit plak op it festivalterrein op it sportfjild wêr’t foar elkenien in plakje is!

Ek dit jier wurkje we mei in tema. Nei ‘kamping’, ‘winter’ en ‘lannen’ is it no de beurt oan ‘muzyk’. Troch in kar te meitsjen tusken de buertfersiering en de optocht (net beide) hoopje we de buerten en freonengroepen entûsjast te krijen foar in fantastyske optocht. Wat soe it moai wêze as alle bern ek meidogge. Dit kin selsstannich, mei de buert of mei skoalle (groep).

Fansels mei in protte live muzyk net ûntbrekke by dit tema. We ha behoarlik útpakt mei de line up. Mei bands en artysten as ‘Komen lopen’ (yn it ferline populairste coverband fan Nederlân), ‘De Suskes’ (garânsje foar in gekkeboel), Syb van der Ploeg & Wiebe Kaspers (musikale tûzenpoaten) en ‘Alice Springs’ (pop-rockband op grutte festivals) moat dit hielendal goed komme. Foar de bern ha we it bernematinee mei in kombinaasje fan musyk en dûns mei meiwurking fan Sander Metz en Tessa van Onna.

Neist de gebrûklike formats foar it keatsen, klaverjassen, jeu de boules en follybal stelle we dit jier ek in priis beskikber foar de winner fan de bêst ferklaaide persoan as groep mei it matinee. Us fotograaf sil jimme kreaasjes fêstlizze en in undercover sjuery sil it gehiel beoardiele . We binne hiel benijd! Mei it matinee ha we de beskikking oer in nije steantribune (en poadium), dizze is mei mooglik makke troch stipe fan de ûndernimmers út Wommels en Easterein (OVWE), ferskate frijwilligers en it beskikber stellen fan in bouromte troch Dirk-Yde Sjaarda. Hulde!

Wy hoopje op moai waar, lange dagen en fansels op jimme komst. Allegearre prachtige doarpsfeesten tawinske en oant sjen op it sportfjild!

Bestjoer Oranje en Heitelân

Download it programma as pdf

(en foar de app gebrûkers: klik op de link hjirûnder foar de ôfbyldingen fan it programma)

 

Link naar dit artikel: https://easterein.nl/programma-doarpsfeesten-2025/.