Jens Kooistra fynt 1e ljipaai fan de jeugd

Op sneon 29 maart om 17.15 oere (it is al efkes lyn) fûn Jens Kooistra it 1e ljipaai fan de légere skoalle. Jens fûn 2 aaien efter de pleats fan Okkema op in stik mei klaver fan Symen Bouma. In lyts heal oerke letter fûn hy sels noch in broed. Jens komt út in echt ljipaaisykers famylje. Syn heit Doede fûn in pear dagen hjearder it earste ljipaai fan de gemeente Harns. Ynmiddels hat Jens op skoalle in echte oarkonde krigen fan de jeudkoordinator fan de Fûgelwacht Easterein