Programma Keningsdei

De doarpsfeesten binne dit jier op:
Tongersdei 26 juny en freed 27 juny

Tema: musyk

Programma Keningsdei

Freed 25 april
19.00 oere: ‘Stappe en happe’
In nijsgjirriche rintocht fan sa’n 8 km rûnom Easterein wêr’t fan alles te besjen is. Ûnderweis stiet der
in lekker hapke en snapke foar jimme klear. Bern fan’e legere skoalle ûnder begelieding fan de
âlder(s). Start en finish yn ‘De Skoalleseize’. Nei ôfrin efkes noflik meiïnoar sitte.


Sneon 26 april
9.00 – 12.00 oere: Kofferbakferkeap/ Frijmerke/ Hobbybeurs
Goai de auto fol en kom nei it parkearterrein njonken it sportfjild (fansels mei jimme ek spul op in
kleedsje ferkeapje). Ferkeapje dêr, ûnder it genot fan in kopke kofje en allegear gesellichheid, jo spul.
Fansels ha we net allinnich keaplju nedich, mar ek klanten! Kom dus allegear nei it parkearterrein. Wy
soarchje foar in tinte en in smûk hoekje om te sitten.


9.30 oere: Konsert
Korps Wilhelmina spilet foar eltsenien op it parkearterrein njonken it sportfjild. De kofje stiet klear!
Foar alle bern:
10.00 – 12.00 oere: Sminken
12.00 oere: Lunch yn’e tinte op it parkearterrein
13.00 oere: Colorrun foar de bern oant en mei groep 3
13.45 oere: Colorrun foar de bern fanôf groep 4
Kom yn in âld wyt shirt foar it moaiste effekt!
14.30 oere: Dûnsje mei stuollen
Lokaasje: It parkearterrein en it lytse sportfjild foar de klaaikeamers
11.00 oere (10.45 oere der wêze): Keatsen
Keatsen yn ferskate klassen, de ynlis is € 4,-. Opjaan kin by Wietse Vink oant en mei woansdei 23 april
20.00 oere. till. 06-54774931 as op opjefte@kfeasterein.nl of oranjeenheitelan@gmail.com.
11.00 oere (10.45 oere der wêze): Klaverjassen
Klaverjassen yn De Skoalleseize, de ynlis is € 4,-. Yndividueel opjaan yn De Skoalleseize op Keningsdei
sels of fia oranjeenheitelan@gmail.com.
13.00 oere: Jeu de Boules
Jeu de Boules: de ynlis is € 4,-. Opjaan by de klup sels, by de heer Cees Wouda, till. 06-36303394 of fia
oranjeenheitelan@gmail.com.
Meidwaan oan alle aktiviteiten is foar eigen risiko.
+/- 16.00 oere: Priisútrikking fan alle aktiviteiten
16.30 oere: koarte pubquiz ‘raad de plaat’
17.00 oere: In geselliche ôfslúting mei muzyk fan: DJ Baggel

Graach oant sjen op 25 en 26 april!

Marco, Eelco, Siep, Karin, Hendrik, Robert, Baukje, Kees en Anneke

Optocht & tema doarpsfeesten 2025
Tusken 15.00 – 17.00 oere is it mooglik om alfêst ynformaasje te krijen foar it kommende doarpsfeest.
We binne mei in stand oanwêzich en ferlotsje de muzyksoart (it tema) yn’e fergaderromte fan’e
Skoalleseize. Alle buerten en freoneploegen binne fan herte wolkom!


Deadebetinking 4 maaie
De jierlikse deadebetinking mei de skoalbern út Easterein is dit jier op snein 4 maaie. Wy nûgje jimme
fan herte út om hjir by te wêzen! De betinking begjint om 19.30 oere yn de “grifformearde tsjerke fan
eartiids” oan de Wynserdyk. De doar is iepen fanôf 19.15. Dit jier mei in lêsing fan Jan Arendz. Oant 4
maaie, út namme fan CBS de Foareker, Kunstcentrum “In de kerk” en Oranje en Heitelân.